Frysk taalbelied

Yn Ljouwerteradiel wenje in soad Frysktaligen en der wurdt dan fansels ek omraak Frysk praten, al sil dat nei alle gedachten minder wêze as sa’n tsien, tweintich jier ferlyn.
Benammen planologyske en ekonomyske ûntjouwings ha de demografyske struktuer hjir dochs wat feroare en dat hat ek syn ynfloed op it taalgebrûk.
Yn it gemeentlik belied wurdt neist it Nederlânsk ek plak ynromme foar it Frysk en dat is net sa frjemd as men foar eagen hâldt dat it Frysk offisjeel de twadde rykstaal is.
As ynwenner fan dizze gemeente kinne jo sawol mûnling as skriftlik mei riedsleden, kolleezjeleden en amtners kommunisearje yn ien fan beide talen dy’t jo foarkar hat.

Wy wolle it brûken fan it Frysk stimulearje al mei dat net fan gefolgen ha dat Nederlânsktaligen dêrtroch yn in neidielige posysje telâne komme of it hjir net goed fine kinne. Wol stelle wy it op priis en liket it ús ek net mear as fansels ta dat nijkommers dy’t it Frysk net machtich binne war dogge om op ‘en doer de taal yn alle gefallen passyf master te wêzen. It ferstean fan de taal jout allinnich mar foardielen. 
Sa hat bygelyks ús net Frysktalige boargemaster in yntinsive, mar noflike kursus folge op Skylge en dat docht fertuten. Hy kin sawat alles wat der yn it Frysk sein wurdt ridlik goed neikomme. De praktyk is dan ek in goede learmaster.

De fertaling fan ús taalbelied nei de praktyk ta kinne jo û.o. weromfine yn de dûbeltalichheid fan guon siden fan ús website. Fierder binne kommisje- en riedsstikken foar in part yn it Frysk en wurdt it ferslach opsteld yn de taal dêr’t in sprekker him of har yn utere hat.
Somtiden kin in gemeentlike publikaasje ek yn it Frysk ferskine. In briefskriuwer, of tsjintwurdich kin dat ek in “e-mailer” wêze, wurdt antwurde yn it Frysk as er sels ek dy taal brûkt. Soks wurdt folgjend taalbelied neamd. Us tillefonistes nimme yn it Frysk op.
Foar amtners bestiet de mooglikheid om mei stipe fan de gemeente kursussen Frysk by de Afûk te folgjen. It Tomkeprojekt, it foarlêzen yn it Frysk oan pjutten, wurdt troch de gemeente ek fan herten stipe.     

Ien fan ús doelstellings is oait sa formulearre: “It gemeentebestjoer wol noed stean foar it behâld en de ûntjouwing fan de Fryske taal en sil yn syn offisjele ferkear it Frysk en it Nederlânsk brûke op grûn fan lykweardigens”.
Dat is hiel ambisjeus mar wol de muoite wurdich om jin foar yn te setten.

Nijsgjirrige dokuminten/projekten oangeande it Frysk binne:

Oardering Frysk  

Notysje taalbelied 2005

Yntinsjeferklearring Frysk 

Taaltaske foar jonge âlden/Wolkomstpakket nij-ynkommelingen