De boargemaster en wethâlders (mei-inoar foarmje dy it kolleezje) ha elk har eigen portefúlje dêr’t hy/sy earst ferantwurdlike foar is. It kolleezje hat foar it útfieren fan de portefúljepunten de beskikking oer eigen amtners: de amtlike organisaasje.
De gemeente hat sa’n 86 amtners yn tsjinst. Dy advisearje it kolleezje, riede besluten ta en fiere dy fierders ek út. De amtners fiere de taken út ûnder lieding fan it haad fan de amtlike organisaasje, de gemeentesiktaris.
De amtlike organisaasje fan de gemeente Ljouwerteradiel is ûnderferdield yn 3 sektoaren:
Sektor Publykssaken;
Sektor Middelen;
Sektor Grûngebiet.
Der binne 2 sektorhaden en dy foarmje mei de gemeentesiktaris it managementteam (MT).
It organogram jout yn skema wer hoe’t de amtlike organisaasje ynrjochte is.