Gemeenteried


It bestjoer fan de gemeente

De gemeente is de bestjoerslaach dy’t it tichtste by de boargers stiet. De taken fan de gemeente hawwe direkte ynfloed op it leefmiljeu fan boargers. De gemeenteried bepaalt bygelyks wêr’t boud wurde mei, hoefolle fan dy wenningen boud wurde foar gesinnen, foar de jongerein en senioaren, hoefolle subsydzje jûn wurdt oan sportferienings, watfoar foarsjennings jûn wurde moatte om boargers folweardich dielnimme te litten oan de maatskippij, watfoar diken ferbettere wurde moatte, wêr’t bedriuwsterreinen oanlein wurde moatte ensfh.

It bestjoer fan de gemeente bestiet út trije ûnderdielen, dy’t allegearre har eigen taken en foech hawwe: de gemeenteried, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders (B&W) en de boargemaster.

Gemeenteried

De ried stelt fêst watfoar doelen berikt wurde moatte en wêr’t it jild oan bestege wurde moat. Men kin ek sizze: de ried is de baas yn ‘e gemeente. Yn de ried telt de stim fan alle leden like swier. De besluten wurde by mearderheid fan stimmen nommen. De gemeenteried fan Ljouwerteradiel telt 15 leden en wurdt keazen troch de ynwenners dy’t 18 jier of âlder binne. Alle boargers kinne as riedslid keazen wurde, as hy of sy mar yn de gemeente wennet en kiesberjochtige is. Yn de ried fan no sitte 5 partijen: GBL (3), PvdA (4), CDA (3), FNP (3) en VVD (2).
De boargemaster is foarsitter fan ‘e ried, vice-foarsitter is de hear R.A. Ketellapper (GBL). Alle moannen, útsein yn july en augustus, komt de ried gear yn it gemeentehûs yn Stiens. Dy gearkomsten kinne troch elkenien bywenne wurde. De ried hat in eigen adviseur: de riedsgriffier.

Wat stiet der op de aginda fan de ried

Alle ûnderwerpen dy’t op ‘e aginda fan de Ried steane wurde fan tefoaren publisearre yn de Stienzer Omropper. Faak stiet der by in agindapunt ek in koarte taljochting. Jo kinne de stikken dy’t oan ‘e oarder komme de lêste wike foar de gearkomste lêze yn de Stienzer Omropper. Fierder kinne jo de stikken ek ynsjen op it gemeentehûs of yn de iepenbiere bibleteek yn Stiens. De gearkomsten fan de ried en de riedskommisje binne ek te folgjen fia Radio Middelsé, op FM 105,3 en kabel 91.1 Mhz.

Sprekrjocht boargers

Jo ha as boarger it rjocht om oer in agindapunt koart it wurd te fieren oan it begjin fan de gearkomste fan de ried. As jo dat wolle, soks dan graach uterlik 24 oeren foar it begjin fan de gearkomste witte litte oan de griffier, Jagritta Olthof (tel. 058-257 6632 of fia e-post: j.olthof@leeuwarderadeel.nl). De ried hellet de agindapunten dêr’t ynsprekkers foar kommen binne nei foaren sadat dy daliks hearre kinne wat de fraksjes der fan fine.


Sprekoeren gemeenteriedsfraksjes
Ha jo fragen of opmerkingen oer it dwaan en litten fan de gemeente?
Dan hearre de riedsleden graach jo miening. Alle fraksjes hâlde, op de tiisdeis yn de wike fan de riedsgearkomste, sprekoere yn it gemeentehûs.
De tiden fan de ferskate fraksjes binne:
Gemeentebelangen: fan 19.00 - 19.30 oere;
PvdA: fan 19.30 - 20.00 oere;
CDA: fan 19.00 - 19.30 oere;
VVD: fan 19.30 oere ôf;
FNP: fan 19.00 - 19.30 oere.

Jo binne fan herten wolkom! 

Koälysjeprogramma 2010-2014
Bygeand it koälysjeprogramma 2010-2014, lykas fêststeld troch de ried op 16 septimber 2010.
Yn dat programma ha de koälysjepartijen oanjûn wat harren belied foar de kommende jierren wêze sil.