KOLLEEZJE FAN B&W

It bestjoer fan de gemeente
De gemeente is de bestjoerslaach dy’t it tichtste by de boargers stiet. De taken fan de gemeente hawwe direkte ynfloed op it leefmiljeu  fan boargers. De gemeenteried bepaalt bygelyks wêr’t boud wurde mei, hoefolle fan dy wenningen boud wurde foar gesinnen, foar de jongerein en senioaren, hoefolle subsydzje jûn wurdt oan sportferienings, watfoar foarsjennings jûn wurde moatte om boargers folweardich dielnimme te litten oan de maatskippij, watfoar diken ferbettere wurde moatte, wêr’t bedriuwsterreinen oanlein wurde moatte ensfh.

It bestjoer fan de gemeente bestiet út trije ûnderdielen, dy’t allegearre har eigen taken en foech hawwe: de gemeenteried, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders (B&W) en de boargemaster.

Kolleezje fan B&W
De ried beneamt de wethâlders dy’t mei de boargemaster it deistich bestjoer fan de gemeente foarmje: it kolleezje fan boargemaster en wethâlders (B&W). De boargemaster en de wethâlders ferpartsje de taken fan it kolleezje ûnderling (portefúljeferdieling); alle kolleezjeleden binne earst ferantwurdlike foar in bepaald taakûnderdiel. De besluten wurde  mei-inoar nommen. De kolleezjeleden binne alle (wurk)dagen foar de gemeente yn ‘t spier, net allinnich yn ‘t gemeentehûs mar ek dêrbûten. Alle tiisdeis hat it kolleezje in gearkomste en wurde der besluten naam. It kolleezje moat oer har bestjoer ferantwurdlikens ôflizze oan ‘e ried. De ried kontrolearret de útfiering fan it belied. Amtners helpe it kolleezje by de útfiering fan it belied.

De boargemaster
De boargemaster is lid fan it kolleezje en foarsitter fan ‘e gemeenteried. Yn it kolleezje fan B&W hat hy in stim en nimt mei de oare trije kolleezjeleden besluten. Yn de ried hat hy gjin stim. Hy wurdt net rjochtstreeks keazen, mar beneamd troch de Keninginne op advys fan de ried. De hear drs. E.J. ter Keurs is boargemaster sûnt 2004. De boargemaster mei selsstannich besluten nimme op it mêd fan iepenbiere oarder en feiligens.