Histoarje Ljouwerteradiel
Ljouwerteradiel hat in rike histoarje.Oarspronklik bestie de gemeente út trije saneamde ‘trimdielen’, te witten it noardlik, it middelste en it súdlik diel. Om 1435 hinne waard it middelste trimdiel troch Ljouwert anneksearre.
Gemeentehûs.
Op 1 jannewaris 1944, ûnder de Dútske besetting, krige Ljouwert it súdlik trimdiel (Huzum) derby. It gemeentehûs fan Ljouwerteradiel stie oarspronklik yn Huzum. Dat bleau sa, oant op 1 maart 1965 it nije gemeentehûs yn Stiens yn gebrûk nommen wurde koe.
Seewarring.
De dyk Ljouwert-Stiens datearret al fan om ende by it jier 1000. It hat in swiere seewarring west, dy’t Eastergoa beskermje moast tsjin it wetter dat frij nei binnen streame koe. East fan dy dyk leit it saneamde Aldlân, west leit it Nijlân, dat troch ynpolderjen oanwûn is.
Doarpen.
Foar wa’t fan ’e kant fan Ljouwert komt is Jelsum it earste doarp fan ’e gemeente Ljouwerteradiel. It is frijwat beboske, mei dêrtusken ien fan Fryslâns âldste staten, de bûtenpleats Dekema State. Dy state is koartlyn hielendal restaurearre. Yn 1999 binne se begûn mei de lânskiplike ynrjochting fan ’e tunen. De rûte folgjend komme wy by it doarp Koarnjum, mei it restaurearre Martenastate. In kilometer fierder leit Britsum, yn grutte it twadde doarp fan ’e gemeente. Noard fan it haadplak Stiens lizze de doarpen Feinsum, Hijum en Aldeleie.
Wichtige ynformaasje oer de histoarje fan Ljouwerteradiel is benammen te finen by: