KULTUERRIED


Algemien

De Kultuerried Ljouwerteradiel is troch de gemeente yn 1996 ynsteld as advysorgaan fan de gemeente foar it kultuerbelied. Ek kin dy ried sels inisjativen nimme foar kulturele aktiviteiten. De Kultuerried wol graach safolle mooglik ynwenners fan ’e gemeente yn soksoarte aktiviteiten behelje. De leden fan ’e Kultuerried binne: 

-   de hear J.P. Blaauw (foarsitter), Finne 17, 9055 MH Britsum
-   de hear K. Vellinga, Ljurkstrjitte 5, 9051 AK Stiens 
-   de hear L.J. Fennema, Kastanjeleane 33, 9051 SH Stiens 
-   de hear H. Buwalda, Ritske Boelemastrjitte 32, 9051 CJ Stiens
-   mefrou M. Lugtenborg, David van Goirlestrjitte 17, 9056 PR Koarnjum
-   de hear F. Damstra, Pim Mulierwei 16, 9051 KA Stiens
-   de hear R. de Haan, Martenawei 35, 9056 PH Koarnjum
-   de hear W. Huisman, Linebeamleane 8, 9051 SV Stiens
-   mevrouw Y. Spits, Mienskar 12, 9051 PC Stiens
-   mefrou A. Wachter-van Veen (advisearjend lid), gemeentehûs Stiens.

Sekretaris is de hear G. de Vries. It sekretariaat is fêstige yn it gemeentehûs.

Kultuer, wat is dat?

Kultuer, dêr moatte jo dochs ferstân fan hawwe, en dat is dochs yngewikkeld? Nee! Wy steane der nammentlik middenyn. Wy hoege inkeld mar ris om ús hinne te sjen. Dan sjogge wy byg. moaie gebouwen, bysûndere stekken, âlde poartsjes, âlde weardefolle dingen, âlde foto’s, skiedskriuwing fan ’e gemeente. Der wurdt yn ’e gemeente in protte songen, musisearre en toanielspile. Ek byldzjende keunst lykas skilderjen, hantwurkjen en it meitsjen fan bylden wurdt yn in protte foarmen beoefene. Koartsein, kultuer is gewoan in part fan ús deistich libben.

Aktiviteiten Kultuerried Ljouwerteradiel

De Kultuerried wol kulturele aktiviteiten stimulearje en oaren dêrfan genietsje litte.
Dêrta nimt dy ried inisjativen en ûntwikkelet by need eigen aktiviteiten.
Hjirûnder in tal foarbylden:

Literatuerrûte. Dy rûte is yn 2000 mei in bulte fertoan iepene.
By in tal buorden mei fragminten út de Fryske literatuer  lâns rint in  lânskiplik oantreklike fytsrûte  troch de gemeente.
Eksposysjes. Yn twa eksposysjeromten, de biblioteek en it gemeentehûs, wurde  geregeld eksposysjes holden fan alderhanne soarten wurk.
Ynstelling fan in twajierlikse gemeentlike Kultuerpriis, foar it earst útrikt yn 2001.
Stimulearjen fan bysûndere aktiviteiten troch subsydzjes.
Undersyk nei ferlet oan en it belibjen fan kultuer yn ’e gemeente.
Beliedsnotysje oan de gemeente foar it befoarderjen fan it oprjochtsjen fan nije keunstwurken en it ûnderhâlden fan besteande monuminten en keunstwurken.