RYKSMONUMINTEN EN BESKERME DOARPSGESICHTEN

In Ryksmonumint is in gebou of terrein dat troch de minister oanwiisd is en dêrom troch de Monumintewet beskerme wurdt. In Ryksmonumint fertsjintwurdiget bysûndere kultuerhistoaryske wearden. Op 1 jannewaris 2006 wiene der goed 50.000 Ryksmonuminten. De gemeente Ljouwerteradiel hat sa’n 28 gebouwen op har grûngebiet dy’t Ryksmonumint binne, bygelyks Dekema State. Trouwens, mole “De Hoop” yn it sintrum fan Stiens is gjin Ryksmonumint. Dy is nammentlik begjin jierren ’90 ôfbaarnd en op ‘e nij opboud. In gebou dat jonger is as 50 jier kin gjin ryksmonumint wurde.

De status fan Ryksmonumint hat foar de eigner fan it gebou foar- en neidielen. It bestsjut dat der beheiningen oplein wurde oan wat de eigner fan it gebou feroarje mei.
Lykwols binne omkearbere feroarings oan it gebou trochstrings wol tastien.
Boppedat komt de eigner yn oanmerking foar Rykssubsydzjes yn gefal fan ûnderhâld of restauraasjes. Fierder kin de titel Ryksmonumint in ferheging fan status betsjutte.

In steds- of doarpsgesicht is in samling fan lânskiplike eleminten en gebouwen dy’t troch de minister op grûn fan de Monumintewet oanwiisd binne om’t dy in hege kultuerhistoaryske wearde fertsjintwurdigje. In steds- of doarpsgesicht is ek in figuer út de Monumintewet.
Ljouwerteradiel hat ien beskerme doarpsgesicht en dat is dat fan Jelsum. Dat telt fierwei de measte monuminten fan de gemeente. 

Gemeenten en provinsjes kinne trouwens ek monuminten oanwize, gemeentlike of provinsjale. De provinsje Fryslân en Ljouwerteradiel meitsje dêr gjin gebrûk fan.

RYKSMONUMINTEN YN LJOUWERTERADIEL

Yn JELSUM :

-     Langhústerdyk 1, 9057 RJ Jelsum; pleats Vijverzathe;
       tún, hekken ensfh. fan Vijverzathe;
-     Dekemawei 1, 9057 LC Jelsum; pleats;
-     Dekemawei 3, 9057 LC Jelsum; pleats by oprydleane;
-     Dekemawei 5, 9057 LC Jelsum; Dekemastate;
-     Op'e Terp 7, 9057 RG Jelsum; pleats;
-     Op'e Terp 9, 9057 RG Jelsum (eartiids ryksmonumint);
       (nei alle gedachten oarspronklike tsjinstwente Dekemastate; is hielendal nij
       boud, mar hat noch wol ryksmonumintestatus)
-     Op'e Terp 26, 9057 RG Jelsum; herf. Tsjerke;
-     P. Rindertsreedsje 3, 9057 LH Jelsum; pleats;
-     Haskedyk 2, 9057 LB Jelsum; pleats Haskerazathe;
       By Haskedyk 2, koetshûs fan Haskerazathe; 
-      Brédyk 16, 9057 RC Jelsum; dwershûspleats.

JELSUM is ek beskerme doarpsgesicht!   

Yn FEINSUM :

-     Hege Hearewei 12, 9053 LR Finkum; pleats mei ynboud dwershûs;
-     Holdingawei 51, 9053 LV Finkum;
-     Poelhuzen 2, 9053 LN Finkum; pleats.

Yn KOARNJUM :

-     De Wier 7, 9056 PM Koarnjum; Herfoarme Tsjerke; Hek/ baarhûske;
-     Swarte Singel 2, 9056 PN Koarnjum; Martena State;
-     Swarte Singel 1, 9056 PN Koarnjum; grêft en part mei âld hout
       beplante stinzeterrein
       (Martena State mei tún en parkoanlis, tagongspoarte, koetshûs,
       túnmanswente, hekpeallen, túnornaminten en grêfheuvel mei daam is as
       "histoarysk bûtenplak" oanwiisd)

Yn BRITSUM :

-     Greate Buorren 1, 9055 MT Britsum; Herfoarme Tsjerke.

Yn ALDELEIE :

-     Oan'e Slink 1, 9072 XH Aldeleie; pleats (eartiids ryksmonumint);
-     By Langedyk 4, 9071 XE Aldeleie; poldermole oan de Feinsumer Feart;
-     Leijester Hegedyk 29, 9071 XB Aldeleie; restanten fan poldermole.

Yn HIJUM :

-     Lege Hearewei 3, 9054 KB Hijum; Herfoarme Tsjerke; 
-     By Hege Hearewei 8, 9054 LC Hijum; betonnen brêge.

Yn STIENS:

-     Langebuorren 1, 9051 BD Stiens; 19e ieuws pân (Vitushuis);
-     Pieter Jellessingel 1, 9051 BV Stiens; Herfoarme Tsjerke;
-     Smelbrêge 6, 9051 BH Stiens; wenhûs;
-     Smelbrêge 14, 9051 BH Stiens; wenhûs;
-     Smelbrêge 15, 9051 BH Stiens; wenhûs;
-     By Brédyk 27, 9051 HZ Stiens; poldermole út 1913;
-     Wurgedyk 18, 9051 LE Stiens; poldermole út 1879.


Sjoch fierder ek by Stichting Monumentenzorg Leeuwarderadeel.