Wolkom op de webstek fan de gemeente Ljouwerteradiel !

De ynformaasje dy’t jo hjir fine kinne is foar in part dûbeldtalich, Nederlânsk én Frysk, neffens it gemeentlik hantearre taalbelied.

Sûnt 2006 is der in digitale ferzje fan ús gemeentegids.In wichtige boarne foar allerhanne gemeentlike en oare ynformaasje.
Neist ûnderwerpen as histoarje, doarpen, foarsjennings en bestjoer en organisaasje fan de gemeente wurde der ek hieltiten mear dokuminten digitaal oanbean. Under digitaal loket falle de produktekatalogus, in 'WOZ-loket' en ek de gemeentlike oarderings.
By de produktekatalogus is it mooglik om guon saken digitaal oan te freegjen of om de nedige ynformaasje oer in produkt of tsjinst te krijen.

Fierder binne der beslutelisten fan it kolleezje fan B&W beskikber en aginda's fan ried (en riedskommisje). Agindapunten kinne ek foar in part streekrjocht ynsjoen wurde. 

Wy dogge ús bêst om de site ynformatyf  en aktueel te meitsjen en te hâlden.
Fansels steane wy iepen foar goede ideeën fan jo kant en ek opmerkingen
en fragen binne wolkom.

Besykadres:            Ljipstrjitte 1
                                   9051 AR  Stiens 
Postadres:               Postbus 24
                                   9050 AA  Stiens 
Telefoan:                  058 – 257 66 66    mei mooglikheid om troch te kiezen 
Faks:                         058 – 257 40 40 
E-mailadres:            info@leeuwarderadeel.nl 
Iepeningstiden:       moandei  o/m freed fan      08.30 - 12.00 uur
                                    tiisdeitemiddeis fan            14.00 - 17.00 uur 
                                    moandei-  woansdei- en tongersdeitemiddei  op ôfspraak