MIDDELSEEGEMEENTEN

Middelseegemeenten is it yntergemeentlike gearwurkingsferbân fan fjouwer gemeenten yn Noardwest Fryslân,
it Bilt, Ferwerderadiel, Menameradiel en Ljouwerteradiel.
Dy fjouwer gemeenten ha mei-inoar sa’n 43.000 ynwenners op in grûngebiet fan om-ende-by 360 km2.
Haadplakken yn it Middelseegebiet binne St. Anne, Ferwert, Stiens en Menaam.
De Middelseegemeenten lizze noard fan de line Harns-Ljouwert.

De gearwurking fan de Middelseegemeenten is rjochte op de mienskiplike útfiering fan taken en belied. Stap foar stap wurdt wurke oan it bondeljen fan parten fan de fjouwer amtlike organisaasjes.
De Middelseegemeenten wurkje ûnder oaren gear op it mêd fan ynformaasje- en kommunikaasjetechnology, hanthavenjen en tafersjoch, personiel en organisaasje, sport, ûnderwiis, kommunikaasje en finânsjes.
De Middelseegemeenten sille de kommende perioade (>2007) inisjativen nimme foar it mienskiplik ûntwikkeljen fan op it gebiet rjochte belied, mei as pylders: lânbou, romte, rekreaasje, toerisme en ekonomy.

De fjouwer Middelseekolleezjes ha ôfspraken oer ûnderlinge gearwurking fêstlein yn in bestjoerlik konvenant.