Noardlike Alvestêdefarrûte

De Alvestêdetocht is fan Ljouwert oant Berltsum goed befarber, mar krekt lykas in soad reedriders rinne de boaten fêst yn ‘de hel fan it noarden’. De stjoergroep Noardlike Alvestêdetochtfarrûte, dy’t bestiet út de gemeenten It Bilt, Ferwerderadiel, Ljouwert, Ljouwerteradiel, Menameradiel en Tytsjerksteradiel, de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân, wol dat lêste stik ek befarber meitsje. It is de bedoeling dat nei it ôfrûnjen fan it projekt plezierboaten oant in hichte fan 2.50 meter de finish op de Bonkefeart helje kinne.

Op de rûte fan Berltsum fia Bartlehiem en Aldtsjerk nei Ljouwert ta wurde fyftjin brêgen oanpast. By Wier en Aldeleie wurde twa nije slûzen oanlein. Fierder wurdt de rûte op de krekte djipte en breedte brocht foar motorboaten. By it ferbreedzjen fan de fearten wurde natoerfreonlike wâlen oanlein dy’t ideaal binne foar wâlbeskerming en foar fisken en wetterfûgels. It wichtichste part fan it wurk beheint him ta it trajekt fan Berltsum oan Bartlehiem ta. Oan it stik fan Bartlehiem nei Ljouwert hoecht suver neat dien te wurden.

Klik hjir foar in oersjoch fan it wurk

Regio yn Aksje

De ferwachting is dat it iepenstellen fan de Noardlike Alvestêdefarrûte in fikse opstekker bestsjut foar de regio. Entûsjaste fertsjintwurdigers út it gebiet, dy’t feriene binne yn de inisjatyfgroep Regio yn Aksje, tinke al nei oer watfoar kânsen der straks lizze.
By dy groep stiet ien ding foarop: de wettersporter moat út dy boat wei. Dat dy minsken sjogge nei praktyske saken. Wêr is romte foar in kemping, fytsferhier of restaurant? Mar der wurdt beslist ek fierder sjoen as de doarpen dy’t direkt oan de rûte lizze.
Om it gebiet echt kennen te learen binne útstapkes nei bygelyks Sint Anne, Aldebiltsyl, Stiens en Burdaard winsklik foar de gasten. Mei-inoar ha de gemeenten in ryk oanbod oan tsjerken, mûnen, musea en rekreaasje. Regio yn Aksje wol toerisme stimulearje dy’t past by de regio; rêst, romte en kultuer.

Klik hjir foar it lêste nijs oer it projekt.