Sport & Rekreaasje, Kultuer

 

De gemeente Ljouwerteradiel hat toeristen en deirekreanten it noadige te bieden.
Yn gearwurking mei ûndernimmers wol de gemeente jo ferbliuw sa oangenaam mooglik meitsje

 

Rekreaasje yn Ljouwerteradiel


Rekreaasje.
Stiens hat in protte rekreaasjemooglikheden. Yn earste ynstânsje tinke wy dan oan it sportkompleks It Gryn yn Stiens. Dat kompleks bestiet út in swimbad, mei oerdutsen baden (te witten in rekreatyf bad, in wedstrydbad, in doelgroepebad en in beukerbad) en bûtenbaden, en twa sporthallen. Fierder is der yn it kompleks in sfearfol ynrjochte sportkafee, ‘Matchpoint’. Dat sportkafee is in tige ferrassende lokaasje foar feesten en eveneminten, yn kombinaasje mei sport- en spulaktiviteiten. Mar ek yn de oare doarpen binne rekreative foarsjennings, lykas bygelyks de jeu-de-boulesbanen yn Feinsum en Hijum en de sportterreinen yn de oare doarpen.

Kultureel.

Neist de doarpshuzen De Bining, De Kampioen, Britsenburgh en Ons Gebouw hat Ljouwerteradiel ek in kultureel sintrum, te witten De Skalm yn Stiens. Ferskate soarten fan sosjaal-kultureel wurk hawwe in ûnderkommen fûn yn De Skalm, lykas berne-opfang, aktiviteiten foar de jeugd, âldereinsoas ensfh. It sintrum wurdt eksploitearre troch de Stichting Welzijn Middelsee.(www.welzijnmiddelsee.nl)

Winkels.

Yn it sintrum fan Stiens is hast alles te krijen yn alle winkels en supermerken. Tiisdeitemiddeis is der merk en tongersdeitejûns is it keapjûn; dat jout dan in gesellige drokte yn it sintrum. Wyls is it winkelbestân fan Stiens útwreide. Oan it St. Vitusplein hat wenningbedriuw BWL winkels boud mei in oerflakte fan 1000 m². Boppe de winkels binne wenapparteminten kreëarre.

Ferienings.

Ljouwerteradiel hat in ryk ferieningslibben. Mei-inoar wol sa’n hûndert ferienings. Dat fariearret fan in toanielferiening oant bygelyks in fotoklub. Jo kinne it sa raar net betinke of Ljouwerteradiel hat it. Stiens en de omlizzende doarpen binne rom opsetten, mei allegear grienfoarsjennings yn ’e wenwiken. De measte huzen binne iengesinswenningen. Dêrfan is in grut tal resint boud.

Koartsein, Ljouwerteradiel is in gemeente mei gâns wenkomfort. Stiens hat de nedige rekreaasje- en winkelfoarsjennings. De oare doarpen binne ek oantreklike wengebieten, dêr’t de karakteristike doarpsrêst bewarre bleaun is.