YNTERGEMEENTLIK BREEDTESPORTPROJEKT GO-4 SPORT

GO-4 Sport is it stimulearringsprojekt foar de breedtesport dat de gemeenten it Bilt, Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel en Menameradiel mei-inoar útfiere. Under breedtesport falle alle sportaktiviteiten dy’t net kwa berop of op topsportnivo beoefene wurde.

Troch in yntergemeentlike oanpak wurdt mei GO-4 Sport stribbe nei it fersterkjen fan de besteande sport-ynfrastruktuer en wurdt stipe jûn oan sportferienings mei bysûndere oandacht foar jeugd en âlderein.

GO-4 Sport is der foar elkenien dy’t hoe dan ek wat mei sport en bewegen te krijen hat.
GO-4 Sport set him yn foar de sport troch de kwaliteit en de kwantiteit fan it sport- en bewegingsoanbod yn Noard-Fryslân te optimalisearjen. GO-4 Sport kin soks fansels net allinnich. Ferienings, skoallen en wolwêzensorganisaasjes binne dêrby ûnmisber!

De trije dielprojekten fan GO-4 Sport binne Ferieningsstipe, Jeugd, Underwiis en Sport en Senioaren 40+ en 55+. Hjirûnder folget in koarte beskriuwing.

1. Ferieningsstipe
De sportferiening hat mei syn unike karakter in wichtige funksje yn de lytse doarpskearnen fan Noard-Fryslân. Ferskillende maatskiplike doelen, û.o. sosjale yntegraasje, kinne neistribbe wurde troch de sportferiening. Om dy maatskiplike funksje fêst te hâlden hat de sportferiening stipe nedich. Ferienings krije it hieltiten dreger om ‘e holle boppe wetter te hâlden.
Troch it oanbieden fan kursussen, spesifike stipe en it ekstra omtinken jaan oan it frijwilligerswurk besiket GO-4 Sport de ferienings yn de fjouwer gemeenten te helpen.

2. Jeugd, Underwiis en Sport
De jongerein docht oer it generaal net oan sport om’t soks sûn is, mar fral om't sport wol aardich fûn wurdt.
Mei dit dielprojekt wol GO-4  Sport it sporten foar de jongerein oantreklik hâlde.
Dat kin benammen troch:
-de jongerein te beheljen by it ûntwikkeljen fan it sportoanbod;
- it oanbieden fan jierlikse projekten om mei sport yn ‘e  kunde te kommen;
- útwreiding fan it Skoalle & Sportprojekt;
- it stimulearjen fan jongeren dy’t in motoaryske efterstân ha;
- en it oanlizzen fan in oantal sportmoetingsplakken.

3. Senioaren 40+ en 55+
Ut befolkingssifers fan de provinsje en de prognoazes docht bliken dat de groep senioaren 40+ en 55+ hieltyd grutter wurdt. Faak is der in beheining kwa sportoanbod, want benammen it beoefenjen fan kontaktsporten is foar dy leeftydskategory minder oantreklik.
Om de hieltiten grutter wurdende groep yn ‘e mjitte te kommen sil it sport- en bewegingsoanbod foar dy doelgroep oanpast en útwreide wurde. Dat sil fral barre yn gearwurking mei de reguliere sportferienings.         

Fierder sille alle jierren fittesten organisearre wurde dy’t in ekstra stimulâns wêze kinne om te begjinnen mei bewegen. It aksint sil lizze op it befoarderjen en yn stân hâlden fan de sûnens, mar ek op it gesellich mei-inoar dwaande wêzen!

Mear ynformaasje oer GO-4 Sport en de breedtesport yn de fjouwer belutsen gemeenten fine jo op ús website www.go4sport.nl
Foar fragen kinne jo fansels ek skilje nei GO-4 Sport (telefoan 0518 – 418891) of in mailtsje stjoere nei go4sport@ferwerderadiel.nl