Swimbad
Binnen- en bûtenbad
De rekreative swimmer kin yn it swimbad fan It Gryn prima terjochte.
Binnendoar is der in 25-meter wedstrydbad foar sporters en rekreanten. Boppedat hat it swimbad in rekreaasjebassin mei in opdriuwend wetterstreamke, in brûsbank, in hot whirlpool en in spektakulêre glydbaan.
It doelgroepebad mei in wettertemperatuer fan 33°C biedt minsken mei bygelyks in spiersykte of jonge gesinnen de mooglikheid om rekreatyf te swimmen. En yn it beukerbassin kinne ek de jongsten meidwaan oan de swimwille.
Yn it swimbad is in gesellich terras dêr’t fan alles te krijen is.
Yn ‘e simmer is it bûtenbad geregeld iepen. Der is in 25-meter bad en in ûndjip en beukerbad. Op de boartersgreide binne ferskillende boarterstastellen en fasiliteiten foar strânfollybal en basketbal.
Rekreative aktiviteiten
Bernefeest
Woansdeitemiddeis, freedtejûns en sneons kinne bern harren feest organisearje.
Yn dat arranzjemint sit de yntree foar it swimbad, patat, ijsko, limonade en in presintsje foar wa’t syn of har jierdei fiert.
Diskoswimme
Alle freedtejûnen yn it winterseizoen is der diskoswimmen. De beweechbere boaiem fan it wedstrydbad komt omheech en sa kinne bern oant de ankels yn it wetter swinge op discobeats. De lêste freedtejûn fan ‘e moanne komt der in live dj.
Aktiviteiten skoalfakânsje
Yn skoalfakânsjes wurdt der middeis in grut tal aktiviteiten organisearre. Dat ferskilt fan in temamiddei oant spulfoarm of clinics.
ABC-lessen
Bern kinne fan 5 jier ôf A-lessen folgje. Sy swimme dan twaris wyks in healoere of ien kear yn ‘e wike in oere. Nei de A-les wurdt it advys jûn om troch te gean mei B-lessen. Dy lessen wurde ien kear yn ‘e wike ien oere fersoarge. Wannear’t jo bern de smaak te pakken hat en trochgean wol om it swimmen noch better yn ‘e macht te krijen dan kin dat mei C-lessen.
Jo kinne jo bern opjaan by de kassa fan it sportkompleks of telefoanysk Jo bern moat dan 5 jier wêze. By opjefte kin foarkar oanjûn wurde foar swimlesdagen en dêr wurdt safolle mooglik rekken mei holden.
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei de koördinator.
Doelgroepen
It is mooglik om diel te nimmen oan lessen foar ferskillende doelgroepen:
· Kreamswimme
Dit swimmen is benammen rjochte op it ûnderhâlden en ferbetterjen fan ’e lichaamlike kondysje en is ek goed foar de ûntspanning. Jo kinne dit swimmen besjen as in oanfolling op ’e kreamgymnastyk. Meastal begjinne de froulju mei de lessen as sy fjouwer moanne hinne binne.
· Alder- en bernswimme
Yn dy les kin jo bern op in noflike wize de mooglikheden fan it wetter kennen leare. Oan ‘e hân fan in opboud lesskema berikke jo mei it bern bepaalde doelen. Alle âlder- en bernelessen wurde jûn yn it doelgroepebad mei wetter fan 33°C. De lessen wurde neffens leeftydsgroep jûn. It âlder- en bernswimme biedt it bern in goede basis om troch te gean mei abc-swimmen.
· Mear bewege foar âlderen
Foar minsken fan 55 jier en âlder is der gelegenheid om mei te dwaan mei gymnastykoefeningen op muzyk. De les wurdt jûn yn it doelgroepebad fan 33°C. Troch de omheechgeande krêft kinne jo yn it wetter better bewege as op ’e kant. Troch de oefeningen hâlde jo spieren en gewrichten soepel en it is tagelyk goed foar de motoryk.
It sosjale aspekt is ek tige wichtich en dêrom is der nei elke les de gelegenheid om in bakje kofje/tee te drinken yn it sportkafee. Om mei dwaan te kinnen hoege jo it swimmen net machtich te wêzen.
· Akwajogge
By akwajogge rinne jo yn it wetter sûnder de boaiem te reitsjen. Dêrby drage jo in ‘wavebelt’. Dat is in driuwmiddel dat jo om ’e mul hawwe. Dêrtroch kinne jo yn in fertikale hâlding yn it wetter stean. Ut dy hâlding wei kinne jo bewegings meitsje mei earms, skonken en romp. Akwajogge is goed foar de spieren en it úthâldingsfermogen en de sport is net bûn oan leeftyd. Wol moatte jo de swimkeunst yn ’e macht hawwe en mooglik diploma A al helle hawwe. Akwajogge is sawol foar manlju as foar froulju.
· Akwarobiks
Akwarobiks is dé manier om swingend te wurkjen oan in fit lichem. Troch de ynstrukteurs wurde ôfwikseljende oefeningen op muzyk jûn. De oefeningen meitsje de spieren steviger en it úthâldingsfermogen wurdt grutter. De wjerstân fan it wetter soarget der foar dat jo in soad enerzjy ferbrûke en dat betsjut gau in ferbettering fan kondysje en figuer. Troch de omheechgeande krêft fan it wetter kinne gjin blessueres ûntstean en wurde benammen knibbel- en ankelgewrichten ûntsjoen.
De les wurdt jûn yn wetter mei in djipte fan maksimaal 1.30 meter.
De lesgroepen besteane út manlju en froulju trochinoar.
· Akwaspinning
De measte minsken kenne ûnderwilens de akwaspinning wol: op in hometrainer yn in sintrum foar fitness of thús op de trapers. Akwaspinning hat as foardiel dat foar- en efterút trape wurde kin en yn it wetter is noch mear mooglik as inkeld fytse.
Sa wurde búk, boarst, rêch, skouders, earms en skonken treend. Yn faktermen is soks in ‘total body workout’. Der sit dan ek mear ôfwikseling yn as by spinning (en kin yntinsiver wêze). Akwaspinning is in ferfrissende kondysjetrening en soarget foar in hege fetferbrâning.
As jo mear witte wolle oer de niisneamde doelgroep(en), dan kinne jo kontakt sykje mei de koördinator, .
Opjefte is mooglik by de kassa fan it sportkompleks of fia itselde telefoannûmer.
Swimferienings
It swimbad fan sportkompleks It Gryn wurdt brûkt troch ferskillende ferienings. Swimtreningen, wetterpolo, dûktreningen, rêdingsswimme en snorkelje binne sporten dy’t alle wiken yn it wedstrydbad organisearre wurde. As jo ynteresse ha yn ien fan dy sporten dan kinne jo kontakt opnimme mei de oanbelangjende feriening.