Undernimme & Bedriuwen


De gemeente jout romte oan ûndernimmers. Ûntdek hoe't jo hjir wurk kombinearje kinne mei de rêst en romte fan it plattelân.

Undernimme yn Ljouwerteradiel

Ljouwerteradiel, mei Stiens as belangrykste kearn en haadplak, is in gemeente mei in noch hieltyd oanwinnend ynwennertal. Op dit stuit wenje mear as 10.000 minsken yn dizze gemeente. Dêrfan telt Stiens goed 7600 ynwenners.

Ljouwerteradiel is fan âlds in agraryske gemeente. Dat blykt ek út it tal bedriuwen dat besibbe is oan it boerebedriuw.

Stiens, as grutste doarp, hat in soad bedriuwichheid lykas yndustry, tsjinstferliening en biedt in ferskaat oan detailhannel.

De ôfstân fan de doarpen yn Ljouwerteradiel nei Ljouwert is koart. Dêrom is de gemeente in oantreklik festigingsplak foar bedriuwen dy’t wurk kombinearje wolle mei de rêst en romte fan it plattelân. Boppedat is de wei Ljouwert-Stiens gâns ferbettere nei in yngripende rekonstruksje. It iepenbier ferfier is ek prima en dêrtroch kinne jo gau komme op it plak dêr’t jo wêze moatte.

Ljouwerteradiel hat ferskate festigingsmooglikheden foar ûndernimmers. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de sektor Grûngebiet, buro Planûntwikkeling, telefoannûmer 058-2576641.