Bedriuwekontaktfunksjonaris

De bedriuwekontaktfunksjonaris fan de gemeente Ljouwerteradiel hâldt him/har dwaande mei it ûnderhâlden, yntinsivearjen en sykjen nei strukturele kontakten mei de bedriuwen en de middenstân yn de gemeente. Dat hat as doel om it kontakt tusken de ûndernimmers en it gemeentebestjoer te befoarderjen.

De bedriuwekontaktfunksjonaris is tagelyk it earste oansprekpunt foar de fertsjintwurdigers fan de bedriuwen, de middenstân en alle ynstellingen en ferienigings dy’t dêr fierder ûnder falle.

Ha jo ideeën of plannen foar in bedriuw, skytskoarje der dan net tsjinoan en kom lâns of skilje foar neiere ynformaasje.
Kontaktgegevens: sektor Grûngebiet, kluster VROM, tel. 058-2576638.