Bedriuwsfestiging/Bedriuweterreinen

Sykje jo nei in geskikt plak foar jo bedriuw?
Dan is bedriuweterrein Middelsee yn Stiens in oantreklike mooglikheid foar jo.
De grûn leit moai by de provinsjale wei Ljouwert – Holwert lâns en rint fierder de kant fan St. Anne út.

Nei ôfrûning fan faze ien fan it bedriuweterrein kin no op de twadde faze boud wurde. Dy is fral bedoeld foar it midden- en lytsbedriuw. Ambachtlike en hannelsbedriuwen mei in lytse miljeulêst of ien dy’t net echt wat útmakket kinne hjir goed teplak.
Bysûnder is dat op grutte parten fan it terrein in kombinaasje fan wenjen en wurkjen mooglik is om’t bedriuwswenningen tastien wurde.

Gemeente
De gemeente jout de opsjes út, beoardielt de inisjativen en beslút oer de ferkeap. As der twifele wurdt oer de miljeukategory dan wurdt advys frege by de ôfdieling Miljeu. Dy kin beoardiele ûnder watfoar kategory de bedriuwsaktiviteiten rekkene wurde moatte.
Koartsein, de gemeente besiket jo mei rie en die by te stean en om de meast geskikte lokaasje te finen foar jo en jo bedriuw.

Grûnprizen bedriuweterrein Middelsee
1.  foar kavels in basispriis fan € 44,75 de m2 eksklusyf btw;
2.
  foar kavels op in sichtlokaasje in priis fan € 56,25 de m2 eksklusyf btw;
3.
  foar in kavel grutter as 2500 m2 is ûntheffing fan it kolleezje needsaaklik op grûn fan
     it bestimmingsplan;
4.
 de kavels dêr’t in bedriuwswenning op boud wurde kin, krije foar ien kear in
     taslach fan € 31.495,00 eksklusyf btw, te beteljen by oankeap fan de kavel.

Taljochting bedriuwswenning
Der moat € 31.495,00 eksklusyf btw betelle wurde foar it rjocht om in bedriuwswenning te bouwen. Soks hâldt yn dat as yn it bestimmingsplan stiet dat der in bedriuwswenning boud wurde mei, dy taslach betelle wurde moat by oankeap fan de kavel. En dat ôfsjoen fan de fraach óft der in bedriuwswenning boud wurdt. Der is altiten rjocht op it wól realisearjen fan de wenning.

Ynljochtings
Foar ynljochtings oer bedriuwsfestiging yn Stiens kinne jo kontakt opnimme mei de sektor Grûngebiet, kluster VROM, telefoan (058) 257 6674.