Berne-opfang

De ‘Wet Kinderopvang’
Op basis fan de ‘Wet Kinderopvang’ is de gemeente ferantwurdlik foar it tafersjoch op de kwaliteit fan de berne-opfang. Foar it beoardieljen en it passen op de kwaliteit fan de berne-opfang is de gemeente ferplichte om tasichthâlders te beneamen. Yn Ljouwerteradiel binne op dit stuit acht meiwurkers fan de GGD-Fryslân oansteld as tasichthâlder: Sigrid Sluyter, Tannette Jansen, Chantal de Roo-Spindelaar, Yvonne Kamp, Nienke Huizenga-Zwart, Marit O'Connor-Verkerk, Trientine Hagenauw, Hilda Bijl en Harm Tuinman.
De troch de tasichthâlders opstelde ynspeksjerapporten kinne troch elkenien ynsjoen wurde. Hjirûnder treffe jo in link oan nei de meast resinte ynspeksjerapporten.

De gemeente is ek wetlik ferplichte om in register by te hâlden fan bernesintra en gastâlder-buro’s dy’t harren meld ha.

In wichtich útgongspunt fan de Wet Kinderopvang is dat de finansiering fan de berne-opfang in mienskiplike ferantwurdlikens is fan âlders, wurkjouwers en oerheid.

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei mefrou Reitsma fan de gemeente Ljouwerteradiel, telefoan (058) 257 6635.
E-mail: m.reitsma@leeuwarderadeel.nl

Hjir fine jo:
Notysje tafersjoch en hanthavenjen kwaliteit berne-opfang (jan. 2009)
Register berne-opfang gemeente Ljouwerteradiel (febrewaris 2010)

Sjoch foar ynspeksjerapporten op de Nederlânsktalige side.