Wet Maatschappelijke Ondersteuning (WMO)

Wat is it doel fan de Wmo?
It maatskiplike doel fan de Wmo is: meidwaan. It meidwaan fan alle boargers oan alle fasetten fan de maatskippij, wol of net holpen troch freonen, famylje of bekenden. Dat is de ûnderlinge belutsenheid tusken minsken. En as dat net kin, dan is der stipe fan de gemeente.
It úteinlike perspektyf fan de Wmo is in gearhingjend lokaal belied op it mêd fan de maatskiplike stipe en op neistlizzende terreinen. Foar minsken dy’t langduorjende, swiere soarch nedich hawwe bliuwt de AWBZ bestean.

Bondeling
De Wmo is in nije wet, dêr’t de neikommende besteande wetten yn bondele binne:
Welzijnswet, Wet voorzieningen gehandicapten, oantal subsydzjeregelingen út de AWBZ, (û.o. stipe mantelsoarch, tsjinsten by wenjen mei soarch), de Huis-houdelijke Verzorging út de AWBZ, de Openbare Geestelijke Gezondheidszorg (OGGZ).

Wmo-loket
Sûnt 2 jannewaris 2007 kinne jo mei alle fragen oer help op grûn fan de Wmo terjochte by de tsjinstferlieningsloketten fan de Dienst Sociale Zaken en Werkgelegenheid Noardwest Fryslân. Dy Tsjinst jout jo it advys om by in oanfraach om help foarôf in (telefoanyske) ôfspraak te meitsjen. Sa binne jo der wis fan dat jo sûnder lange wachttiid by de meiwurker fan de Tsjinst terjochte kinne.

Sintraal telefoannûmer Dienst SoZaWe NW-Fryslân:
0517-380200 (moandeis o/m freeds fan 9.00 oant 12.00 oere)

Besykadres Ljouwerteradiel:
Ljipstrjitte 1, Stiens (gemeentehûs) yn kantoaroeren:
moandei o/m freed 8.30 oant 12.00 oere en
tiisdeitemiddei fan 14.00 oant 17.00 oere.
Telefoannûmer: 058 – 257 6633

Foar neiere ynformaasje: www.sozawe-nw-fryslan.nl

WMO-adviseur: folder

WMO-Advysried Ljouwerteradiel
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Relevante ûnderwerpen fan de WMO
WMO-loket
Praat mei oer de WMO
De meast stelde fragen 
Links
Prestaasjefjilden
Yndividuele foarsjennnings
Wen-, ferfiers- of rolstoelfoarsjennings

Relevante beliedsstikken/dokuminten oangeande Wmo:
WMO-Beliedsplan 2008-2011
Fisydokumint/beliedsplan SoZaWe 
Gemeentlik fisy-/beliedsdokumint WMO
Oardering WMO
Gemeentlike notysje oer Mantelsoarch/Frijwilligersbelied
Notysje Boargerspartisipaasje WMO
Notysje WMO-loket Ljouwerteradiel
Kommunikaasjeplan WMO