ÛNDERWIIS
Goed ûnderwiis is de kaai ta maatskiplik súkses. De Ryksoerheid is as earste ferantwurdlik foar de ynhâld fan it ûnderwiis, stelt ynhâldlike kearndoelen en kontrolearret de resutaten fia de ûnderwiisynspeksje. De gemeente rjochtet him ûnder oaren op de húsfesting, bern mei (ûnderwiis)efterstannen en op de skoalbegelieding.  By it belied oangeande efterstân leit it aksint op it ferbetterjen fan it yn ‘e macht krijen fan taal.

De gemeente wol it besteande ûnderwiisoanbod yn stân hâlde en fuortsterkje. Brede kennis en foarming is dêrby fan belang. Yn gearwurking mei de biblioteek en de pjutteboartersseal wurdt besocht om mear kânsen foar bern te kreëarjen. It nivo fan foarsjennings binnen in skoalle is in betingst foar in goed ferrin fan it ûnderwiisproses.    

ÛNDERWIISBURO
De gemeente Ljouwerteradiel wurket op it mêd fan ûnderwiis nau gear mei de oare Middelseegemeenten. Sa wurkje alle 19 iepenbiere basisskoallen yn de gemeenten it Bilt, Menameradiel, Ljouwerteradiel en Ferwerderadiel gear ûnder de (wurk)namme Underwiisgroep Fier. De offisjele namme fan de organisaasje is 'Stichting Openbaar Primair Onderwijs Noordwest Friesland'.
Foar mear ynformaasje, sjoch www.onderwijsgroepfier.nl

BASISSKOALLEN
Hjir fine jo mear ynformaasje oer de basisskoallen.   

LEARLINGEFERFIER
Alders fan learlingen dy’t nei in skoalle foar (spesjaal) basisûnderwiis of in skoalle foar fuortset  spesjaal ûnderwiis geane, kinne yn oanmerking komme foar in temjittekomming yn de ferfierkosten.

Betingsten om yn oanmerking te kommen foar in temjittekomming yn de ferfierskosten:
- jo bern giet nei in skoalle foar basisûnderwiis, fuortset ûnderwiis, spesjaal
   basisûnderwiis of fuortset spesjaal ûnderwiis en
- jo bern hat in lichaamlike, ferstanlike of sintúchlike handikap dy’t skoalferfier
   needsaaklik makket of
- de ôfstân fan de wenning nei in tagonklike skoalle foar de learling dy’t it tichtstby   
   is bedraacht mear as 6 kilometer en
- oan alle oare bepalings yn de Oardering learlingeferfier Ljouwerteradiel wurdt
   foldien.

Net ûnder it learlingeferfier falt:
- ferfier fan en nei in útfanhûs- of opfangadres (buorlju, famylje);
- ferfier fan en nei skoalreiskes, sportdagen, ferienings ensfh.;
- ferfier tusken skoalle en swimbad;
- ferfier foar medyske en paramedyske behanneling;
- ferfier fan en nei bernedeiferbliuwen / bûtenskoalske opfang;
- ferfier bûten de skoaltiden dy’t troch de ynspeksje fan ûnderwiis fêststeld binne.

Oanfraach foar in temjittekomming yn de ferfierkosten
Foar elts skoaljier moat op ‘e nij in oanfraach learlingeferfier yntsjinne wurde, wat de foarm fan ferfier ek wêze mei. Dan wurdt ek op ‘e nij besjoen watfoar foarm fan ferfier dat jier organisearre wurdt foar jo bern.
De nije oanfraach learlingeferfier moat fóar 1 juny foar elts nij skoaljier yntsjinne wurde.
As jo bern al gebrûk makket fan it learlingeferfier, dan krije jo automatysk in oanfraachformulier foar it nije skoaljier tastjoerd. Is soks net it gefal of ha jo gjin formulier ûntfongen, dan moatte jo sels in oanfraachformulier oanfreegje by de gemeente. De hichte fan de temjittekomming yn de ferfierkosten dy’t âlders/fersoargers krije kinne hinget fan de oanfraach ôf.

Neiere ynformaasje
Foar neiere ynformaasje en oanfraachformulieren kinne jo terjochte by mefrou G. van der Meer, tel. (058) 257 6667.

Klik hjir foar de Oardering Learlingeferfier Ljouwerteradiel.

SKOALFAKÂNSJES
Klik hjir foar neiere ynformaasje oer de perioaden fan de skoalfakânsjes.