Wenje & Wurkje

Ljouwerteradiel is in noflike gemeente om yn te wenjen en te wurkjen. Yn dit menu lêze jo watfoar bydrage de gemeente oan jo wenplezier leveret. Watfoar foarsjennings binne der? En wat hat de gemeente te bieden oan de jongerein en de âlderein?   

Ljouwerteradiel jout jo de romte
Ljouwerteradiel, mei Stiens as haadkearn, is in gemeente mei in noch altyd groeiend ynwennertal. Op it stuit wenje der mear as 10.000 minsken yn dizze gemeente. Dêrfan telt Stiens rom 7600 ynwenners. Stiens is de grutte regionale kearn fan de gemeente mei tal fan foarsjennings en in gemoedlik sintrum.
Om Stiens hinne lizze seis lanlike doarpen. Dit binne: Jelsum, Koarnjum, Britsum, Feinsum, Hijum en Aldeleie. It binne doarpen mei in rike skiednis dêr’t it noch altyd goed libjen is.
Foar mear spesifike ynformaasje kinne jo by Doarpen sjen.

De jongste wenningbou: Aldlân en Feinsum en De Steens
De tiid hat gjin skoft holden yn Ljouwerteradiel. It âlde doarpshert fan Stiens is tsjintwurdich omseame troch nije wiken. East fan Stiens fine jo de nijste wenwyk Aldlân. It is in wyk dêr’t sa om en de by 300 wenten boud binne.
De wyk is grien opset. De Kletsefeart, in ôfsplissing fan de Stienzer Feart, kin befearn wurde út de wyk wei nei de Dokkumer Ie. De kombinaasje fan wetter en grien yn it hert fan de wyk soarget foar in heechweardich wenkrite en in ferkearslij sintrum.
De earste bebouwing yn it nije plan wie it Foarljochtingssintrum, dat oan de râne fan ’e wyk leit. It is in prachtich stikje arsjitektoanysk wurk dat letter as wenning is ferkocht. Dêr koene de takomstige bewenners en oare belangstellenden ynformaasje krije oer kavels, type wenten ensfh.
Aldlân is no in folweardich diel fan Stiens wurden, en in nije wenwyk op in alhiel oare skaal wurdt no yn Feinsum realisearre. De lytsskalige útwreiding oan de râne fan it doarp Feinsum sil it doarp oplibje op in prachtige lokaasje.

It nijbouplan De Steens wurdt east fan Stiens realisearre, yn it gebiet tusken de Truerderdyk en de Trijehoeksdyk. It giet yn it plan om sa'n 350 wenningen yn it keap- en hiersegmint. 150 rekreaasjewenningen en in feartferbining dy't oanslút op de Alvestêdefarrûte. Sjoch foar mear ynformaasje op www.woonparkdesteens.nl

Wenningoanbod
Foar wenningoanbod yn Ljouwerteradiel kinne jo kontakt opnimme mei regionale makelerdijen of mei WoonFriesland. 

Untwikkelings gemeente
Ljouwerteradiel is fan âlds in agraryske gemeente. Dat blykt ek út it tal bedriuwen dat besibbe is oan it boerebedriuw. It is lykwols ek in tige gaadlike lokaasje foar net-agraryske bedriuwen wurden, en hat mei it bedriuweterrein Middelsee in moaie lokaasje by Ljouwert.
Dêrnjonken is dizze gemeente oantreklik foar in protte forinzen dy’t har wurk yn Ljouwert hawwe en dochs genietsje wolle fan de rêst en de romte fan in plattelânsgemeente.
Bewenners en bedriuwen profitearje der fan dat Ljouwert tichteby leit. Boppedat is de wei Ljouwert-Stiens tige ferbettere nei in yngripende rekonstruksje. It iepenbier ferfier is ek prima en dêrtroch kinne jo gau komme op it plak dêr’t jo wêze moatte.

Mar it is net allinne wurk dat minsken nei Ljouwerteradiel lûkt. Ek it lânskip sprekt mannichien oan. Fytstochten en kuierkes yn Ljouwerteradiel binne de muoite wurdich. En troch it projekt de Noardlike Alvestêdefarrûte wurdt Ljouwerteradiel ek oer it wetter in moaie ûnderfining.