Bouwe
Yn de gemeente wurdt boud en ferboud, sloopt en restaurearre. En dêrby kin in omjouwingsfergunning fan de gemeente nedich wêze. Jo kinne ek ynteressearre wêze yn it oankeapjen fan gemeentegrûn. In koart oersjoch fan wat der yn Ljouwerteradiel bart:
Omjouwingsfergunning ûnderdiel bouwe/slope
By it bouwen of ferbouwen fan jo pân kin in omjouwingsfergunning nedich wêze. Om flot te sjen oft jo in boufergunning nedich hawwe kinne jo de site www.omgevingsvergunning.nl rieplachtsje. Detailleardere ynformaasje oer boufergunnings yn de gemeente Ljouwerteradiel is fia de Produktekatalogus fan it Digitaal Loket te finen.
Fansels kinne jo altyd kontakt opnimme mei sektor Grûnsaken, kluster VROM foar mear ynformaasje.
De gemeente publisearret de fersiken om omjouwingsfergunningen yn de Stienzer Omropper. Mooglikheden foar it meitsjen fan beswier wurde dan oanjûn.
Foar lokale regeljouwing: sjoch Bou-oardering
Bestimmingsplannen
De boubetingsten yn de gemeente Ljouwerteradiel wurde oan ’e iene kant troch de bouregeljouwing foarme, en oan ’e oare kant troch de gemeentlike bestimmingsplannen.
De bestimmingsplannen bepale it gebrûk en de bebouwingsmooglikheden fan perselen en pânen yn de gemeente. De funksje fan in bestimmingsplan en de gefolgen der fan wurde op in oar plak útlein.
Wet romtlike oardening
De gemeente Ljouwerteradiel stiet yn foar in goede romtlike oardening yn de gemeente. De wetjouwing hjiroer is krektlyn fernijd. De gefolgen foar de gemeente en jo wurdt hjir útlein .
Ferkeap Snipelgrien
De gemeenterie hat besletten strookjes grûn dy’t gjin funksje mear hawwe (bygelyks foar ferkear) yn it iepenbiere gebiet, yn prinsipe ferkeapje te wollen as ‘snipelgrien’. Faak hannelet it hjir om stroken grûn mei in lytse oerflakte, grinzjend oan de tún fan in partikulier.
Ferkeap boukavels
De gemeente hat in wikseljend tal frije boukavels te keap. Ynformearje by de gemeente nei de hjoeddeiske sitewaasje (sjoch de kontaktgegevens ûnderoan).
Ferkeap bedriuwsterrein
De gemeente Ljouwerteradiel regelet de ferkeap fan perselen op it bedriuwsterrein Middelsee. It bedriuwsterrein leit noardwesten fan Stiens oan de N375 en N393.
Ferkeapbetingsten
Foar de ferkeap fan grûnen yn de gemeente hat de ried algemiene betingsten. Dêrneist jilde der foar spesifike boulokaasjes (Aldlân en it bedriuweterrein Middelsee bysûndere ferkeapbetingsten.
De betingsten geane oer sokke saken as opsjeterminen en –fergoedings. De transportakte, oanfurdiging en it kettingsbeding.
Ynljochtings ferkeap
Jo kinne foar neiere ynformaasje oer mooglikheden fan it krijen fan opsje of it keapjen fan grûn kontakt opnimme mei de sektor Grûngebiet, kluster VROM, til.nr. 058 - 257 6674.