Sjenswizen en Beswierskriften


Ynspraak, sjenswizen en beswierskriften
Ynspraak is de mooglikheid opmerkings te meitsjen oer in gemeentefoarnimmen. Dit hâldt yn dat de gemeente in plan of fersyk kenber makket dat noch yn in ier stadium fan ûntwikkeling sit. Elk mei him of har dêrnei oer de ynhâld fan dit plan of fersyk uterje. Der kin dan oanjûn wurde oft it plan of fersyk wizige of ferwurpen wurde moat, en wêrom dit barre moatte soe. De gemeente beriedt har dan op de ynspraakreaksjes en sjocht oft it plan of fersyk oanpast of ferwurpen moatten wurde soe. Sa kin in plan of fersyk ferbettere wurde foardat it úteinlik as ôfrûne plan foarsteld wurdt (dan kinne der sjenswizen yntsjinne wurde).
In ynspraakreaksje moat lykwols oan inkelde betingsten foldwaan. Dizze betingsten binne der om in ynspraakreaksje sa dúdlik mogelik te meitsjen. Dit betsjut dat de gemeente alle relevante ynformaasje yn ien kear hat en in ynspraakreaksje dêrtroch flot en korrekt beoardield wurde kin. Dêrom is der in formulier foar ynspraakreaksjes makke: ...

Sjenswizen binne opmerkings oer in gemeentefoarnimmen foardat it beslút naam wurdt. Dit hâldt yn dat de gemeente in plan of fersyk kenber makket en elk him of har dêrnei oer de ynhâld fan dit plan of fersyk uterje mei. Der kin dan oanjûn wurde oft it plan of fersyk wizige of ferwurpen wurde moat, en wêrom dit barre moat.
In sjenswize moat lykwols oan inkelde betingsten foldwaan. Dizze betingsten binne der om in sjenswize sa dúdlik mogelik te meitsjen. Dit betsjut dat de gemeente alle relevante ynformaasje yn ien kear hat en in sjenswize dêrtroch flot en korrekt beoardield wurde kin. Dêrom is der in formulier foar sjenswizen makke:

Beswierskriften binne opmerkings oer in gemeentefoarnimmen nei’t in posityf beslút naam is. Dit hâldt yn dat de gemeente in plan of fersyk goedkard hat en dat belanghawwenden protestearje meie tsjin dit plan of fersyk. Der kin dan oanjûn wurde oft it plan of fersyk wizige of ferwurpen wurde moat, en wêrom dit barre moat.
In beswierskrift moat lykwols oan inkelde betingsten foldwaan. Dizze betingsten binne der om in beswierskrift sa dúdlik mogelik te meitsjen. Dit betsjut dat de gemeente alle relevante ynformaasje yn ien kear hat en in beswierskrift dêrtroch flot en korrekt beoardield wurde kin. Dêrom is der in formulier foar beswierskriften makke: ...

Tink der om! Sjenswizen en beswierskriften moatte binnen in bepaalde termyn by de gemeente binnen wêze. Dit wurdt yn de Stienzer Omropper oanjûn. Wês dus op ’e tiid, oars hoecht de gemeente in sjenswize of beswierskrift net yn behanneling te nimmen.