Untheffing
Boargers, bedriuwen en ynstellings kinne by de gemeente in fersyk yntsjinje foar in ûntheffing fan in bestimmingsplan. Dit kin bygelyks nedich wêze as in bou-oanfraach stridich is mei it bestimmingsplan.
At immen ôfwike wol fan it jildende bestimmingsplan kin ûntheffing ferliend wurde. In ûntheffing is gjin rjocht, dêrom wurdt per fersyk in ôfweaging makke. Der binne trije ûntheffings mogelik ûnder de Wet romtlike oardening (Wro): in binnenplanse ûntheffing (art.3.6 Wro), in permaninte ûntheffing (art.3.23 Wro) en in tydlike ûntheffing (art.3.22 Wro).
At de gemeente yn de takomst ek behearsferoarderingen brûkt, dan binne deselde ûntheffingsmooglikheden ek fan tapassing op de behearsferoardering.
Binnenplanse ûntheffing
In saneamde binnenplanse ûntheffing is de ûntheffing fan de bepalingen dy’t yn in bestimmingsplan opnaam binne neffens artikel 3.6 Wro. Yn de regels fan it bestimmingsplan sels is al opnaam wêrfoar en op hokker wize en ta hokker grinzen ûntheffing ferliend wurde kin fan sommige bepalingen yn dat bestimmingsplan. It ynsjen fan it bestimmingsplan kin dus dúdlikheid biede oer de mooglikheden.
Permaninte ûntheffing
Mei dizze proseduere kin ûntheffing ferliend wurde fan de regels fan in bestimmingsplan foar “kruimelgevallen”. Mei dizze ûntheffing kin flotter meiwurke wurde oan bepaalde bouplannen as at earst in proseduere trochrûn wurde moat om it bestimmingsplan op ’e nij te besjen.
It giet hjir om útwreidings of bygebouwen by wenten en oare gebouwen. Mar ek om lytse gebouwen foar iepenbiere nutsfoarsjennings en iepenbier ferfier, lytse bouwurken dy’t net in gebou binne, kassen en bedriuwsgebouwen fan lichte konstruksje, it gebrûk fan grûnen of bouwurken foar eveneminten, it wizigjen fan it gebrûk fan bouwurken en it wizigjen fan it gebrûk fan in rekreaasjewenning foar bewenning.
Tydlike ûntheffing
Mei artikel 3.22 Wro kin fan de regels fan in bestimmingsplan foar in bepaalde termyn ûntheffing ferliend wurde. It moat dan gean om in foarsjenning dêr’t tydlik ferlet fan is, bygelyks tydlike klaaikeamers wylst de fuotbalkantine ferboud wurdt.
De maksimale termyn wêrfoar ûntheffing ferliend wurde kin is fiif jier. By it ferlienen fan ûntheffing fan de regels fan it bestimmingsplan foar in bepaalde perioade moat in proseduere fierd wurde. It foarnimmen om ûntheffing te ferlienen moat kenber makke wurde. Tsjin dit foarnimmen kinne sjenswizen yntsjinne wurde.