FEILICH EN LEEFBER


Wat dogge jo as de sirene giet
Alle earste moandeis fan ‘e moanne wurdt it alarm om 12.00 oere útprobearre.
Giet de sirene op in oar momint, of ride der lûdsweinen rûn om jo te warskôgjen?
Hjir wurdt yn trije stappen beskreaun wat jo dan dwaan moatte. Dy ynformaasje is ek opnommen yn ús gemeentegids.

1. Gean fuortendaliks binnendoar
Binne jo ûnderweis? Gean dan sa gau mooglik it gebou binnen dat it tichtste by is. Bern dy’t nei skoalle ta binne, moatte dêr bliuwe. De learkrêften fertelle dan wat der dien wurde moat.
Jou ien dy’t by jo oanskillet de gelegenheid om te skûljen. Warskôgje minsken dy’t de sirene net yn ‘e gaten ha.

2. Doarren en ruten ticht
Doch daliks alle doarren en ruten ticht. Skeakelje ek mooglike fentilaasjesystemen út of dek dy ôf.

3. Set radio en televyzje oan 
Op FM 92.2 en fia Omrop Fryslân krije jo ynformaasje en neiere ynstruksjes by rampen en swiere ûngefallen. Jo hearre sa it gaust wat der oan ‘e hân is en wat jo dwaan moatte. Folgje de ynstruksjes fan de polysje.

Wat moatte jo perfoarst net dwaan
Skilje beslist net it nasjonale alarmnûmer 112. De line rekket dan oerbeset en helpferliening kin stagnearje.

Polysje en brânwacht

De polysje is 24 oeren deis berikber. Foar dringende saken skilje jo it alarmnûmer 112. Foar saken dy’t gjin haast ha skilje jo 0900-8844 (fergees). Sjoch ek: www.politie.nl/friesland

Feiligens is de ferantwurdlikheid fan elkenien! Mei-inoar moatte wy soargje dat de kriminaliteit minder wurdt en Ljouwerteradiel in feilich leefmiljeu hâldt. Jo kinne de polysje dêr mei helpe! Bygelyks troch dy harren previnsje-advizen op te folgjen, maatregels tsjin ynbraak te treffen en problemen te sinjalearen en te melden by de polysje.
Mear tips dêroer by: www.veiligheidswijzer.nl

De brânwacht is 24 oeren deis telefoanysk berikber. Foar urginte saken skilje jo it alarmnûmer 112. Foar algemiene ynformaasje (058) 2576691. Sjoch fierder ek by: www.brandweerfryslan.nl

Goed  fentilearje is 24 oeren deis fentilearje

Oangeande it fentilearjen yn ‘e hûs binne der gâns misferstannen. Mannichien tinkt dat in skoftsje it rút iepensette genôch is. It effekt fan trije, fjouwer oeren is nei in healoere fuort; dan is de kwaliteit fan de lucht binnendoar wer krektsa as dêrfoar. It is better om foar konstante fentilaasje te soargjen.

In hûs moat krekt likegoed as ússels de hiele dei sykhelje. Dat goed fentilearje is 24 oeren deis fentilearje. Yn dat stik fan saken binne goede tips:

  • Ferfang geregeld stofsûgersekken en it filter yn de stofsûger;
  • Kontrolearje oft de fentilaasjeroasters yn de gevel, oan  foar- en efterkant fan it hûs, noch iepen binne. Dy soargje dat de krûpromte en spoumuorren droech bliuwe;
  • At yn  ‘e hûs smookt wurdt, dan moat foar ekstra fentilaasje soarge wurde. Set bygelyks fentilaasjeroasters fierder iepen of doch (mear) ruten iepen;
  • Hâld fentilaasjeroasters en -skuven boppe de ruten altiten iepen. Doch se maksimaal foar de helte ticht by kjeld. Stofsûgerje de roasters alle jierren ienkear oan de binnen- en bûtenkant;
  • Ha jo gjin fentilaasjeroasters? Set dan altiten it klaprút of in oar rútsje iepen (mei in stange tsjin ynbrekken of mei in slot). Foaral yn de wen- en sliepkeamer;
  • Lit de ôfsûchkap nei it itensieden noch in kertierke oanstean. Dan kin it oerstallige focht nei bûten ta. Meitsje de ôfsûchkap geregeld skjin. De metalen filters kinne mei in sopke skjinmakke wurde. Keunststoffilters moatte nei in skoftke ferfongen wurde, oars giet de kapasiteit fan ôffier fan lucht tebek;
  • Set nei it dûsen it rút in healoere iepen om te wierjen en/of doch de fentilator oan.

 Feiligens gas & elektra

As hûsbesitter binne jo sels ferantwurdlik foar gas- en elektra-ynstallaasjes yn jo wenning.
Dy ynstallaasjes binne oer it generaal feilich, mar der kin wol wat dien wurde om dêr wis fan te wêzen. As jo hierder binne kinne jo ek meiwurkje oan de feiligens.
De measte ûngelokken komme troch koalmonoksydefergiftiging. Geregelde kontrôle en goed fentilearje binne wichtich.

Hoe komt men koalmonoksydefergiftiging tefoaren?
Soargje yn ‘t foarste plak foar in feilige ynstallaasje. En dêr net sels mei ompiele, mar soks oerlitte oan in goede ynstallateur.
Tink boppedat hjirom:

  • De kleur fan de wekflam fan jo geiser. Is de flam oranje of heger as gewoan, dan komt der koalmonoksyde frij. De flam yn in goed ôfstelde geiser is blau.
  • Yn guon doch-it-selssaken  binne elektroanyske koalmonoksydemelders te keap.
  • In skoarstien wêrby’t koalen, oalje of hout stookt wurdt moat op syn minst ienris yn ‘t jier fage wurde. In skoarstien foar in kanaal dêr’t mei gas stookt wurdt moat alle jierren neisjoen wurde en fage as soks nedich is.
  • De moderne, sletten geisers soargje sels foar genôch soerstof. Der is dan nea sprake fan foarming fan koalmonoksyde.
  • Slút yn in (goed isolearre) nijbouwente nea de luchtoanfier- en ôffierkanalen ôf, ek net by kâlde winters. Meitsje yn âlde wenningen net alle kieren en gatten ticht. Dy soargje foar de noadige fentilaasje.
  • Wolle jo witte hoe’t ferstannich isolearre wurde kin yn ferbân mei fentilaasje? Prakkesearje dan ris oer in Enerzjy Prestaasje Advys: in passend advys foar jo hûs.

Wat docht men by it rûken fan gas bûten of yn ‘e wenning?
Foar mear ynformaasje oer feiligens yn en om it hûs hinne:

  • Warskôgje it enerzjybedriuw of in fakbekwame ynstallateur
  • Doch de haadkraan ticht 
  • Doch doarren en ruten iepen
  • Wês fjoer en it ûntstean fan fonken foar
  • Elektryske ferljochting of tastellen net út- of oandwaan

    Sjoch foar mear ynformaasje ek op www.vrom.nl

Iepenbiere ferljochting

By steuringen en klachten oangeande iepenbiere ferljochting kinne jo rjochtstreeks kontakt opnimme mei Ziut: telefoannûmer 0800 – 3960800.

Bestriden fan glêdens    

Yn Ljouwerteradiel stiet de struiploech fan novimber o/m maart 24 oeren deis klear. Yn ‘e mande mei de provinsje wurdt it waar goed yn ‘e gaten holden. Krekt foar’t it glêd wurdt, wurdt al begûn mei struien. Dat giet mei de saneamde wietsâltmetoade. Dat sâlt plakt oan ‘e dyk fêst en jout in better en langer resultaat.
It útgongspunt fan de struirûtes is dat de busrûtes de heechste prioriteit ha. Dêrnei komme de wichtichste trochgongswegen dy’t dêr op oanslute en de fytspaden oan bar.
De trottoirs wurde by glêdens en snie net troch de gemeente struid of skjinmakke.

Risikokaart Fryslân  

De Risikokaart fan de provinsje Fryslân is in samling fan gegevens dy’t te krijen ha mei feiligens, risiko’s en bestriden fan rampen yn Fryslân. De Risikokaart jout in byld fan ynsidinten dy’t yn de provinsje foarkomme kinne. De kâns dat soks barre sil is tige lyts, mar om’t de effekten dan sa grut wêze sille wolle gemeenten, helptsjinsten en boargers harren dêrop tariede. It giet om in grut skala oan ynsidinten: ûngelokken mei gefaarlike stoffen by bedriuwen of by transport oer it wetter, oer ‘e dyk, oer it spoar of troch in buislieding; ûngemakken op it wetter, yn ‘e loftfeart, mei treinen; grutte kloften minsken (eveneminten ensfh.), natuerbrannen.

Ljouwerteradiel is ek yn de Risikokaart opnommen.
De kaart is te sjen op www.fryslan.nl/risicokaart2/startrisicokaart.htm

Ynformaasje
Ynformaasje is te krijen by de projektsekretaris fan ‘Partners in Participatie’, mefrou J.M. Godthelp (tel. 058-292 51 71 en fia e-post: godthelp@fryslan.nl)

Foar neiere ynformaasje oer rampebestriding kin ek kontakt opnaam wurde mei de rampekoördinator fan Ljouwerteradiel, de hear S.W. van der Meulen, tel. (058) 2576613.

Foar wa is de kaart bedoeld?
De Risikokaart fan Fryslân is makke foar en troch de helptsjinsten (brânwacht, GGD en polysje) en it Iepenbier Bestjoer (gemeenten, provinsje, wetterskippen). Dy brûke de kaart om gau gegevens oproppe te kinnen as dêr ferlet fan is.

De gemeenten, provinsje en wetterskippen kinne harren mei de helptsjinsten better tariede op kalamiteiten dy’t optrede kinne. Foar de grutste ynsidinten wurde rampebestridingsplannen opsteld. Dêr stiet yn wat der barre kin by in bedriuw of transportrûte, wat de gefolgen wêze kinne en wat dien wurde moat om dy gefolgen sa gau mooglik te bestriden. Foar de wat lytsere ynsidinten wurde ek soksoarte plannen makke.
Uteinlik sille sawol helptsjinsten as it bestjoer doelbewust oefenje op it bestriden fan ynsidinten op de risikokaart.

It foardiel fan de kaart foar jo as ynwenner is de wissichheid dat de organisaasje fan rampebestriding tasnien is op realistyske ynsidinten. In dúdlik ôfstimde tarieding dus, mei helptsjinsten dy’t effisjint wurkje, bettere gearwurking en mei-inoar oefenjen.
Fierder is de Risikokaart in ienfâldich helpmiddel om jo te oriïntearjen op de risiko’s by jo yn ‘e buert.