Ferkear en ferfier
Noardwest tangint
De gemeente Ljouwerteradiel en omlizzende gemeenten wurkje
gear mei de Provinsje Fryslân oan de realisaasje fan it Noardwest tangint.
Dat is in nije ferbiningsrûte foar it ûntsluten fan it noardlike part fan Fryslân,
om de ynfrastruktuer fan wegen yn en om Ljouwert te ûntlêsten.
Neiere ynformaasje oer de Noardwest tangint fine jo hjir.
Iepenbier ferfier
Ljouwerteradiel hat in ridlik goed foarsjenningsnivo
wat it iepenbier ferfier oanbelanget.
Dat ferfier wurdt fersoarge troch Connexxion.
De buslinen en trajekten binne hjir:
Lyn 54 Dokkum – Ljouwert
Lyn 60 Dokkum – Ljouwert
Lyn 66 Ljouwert – Holwert (Haven, oansluting op de fearboat nei It Amelân)
Lyn 72 Moaie Peal (Minnertsgea) – Ljouwert
Lyn 73 Alde Biltsyl (De Kolk) – Ljouwert
De tsjinstregeling foar iepenbier ferfier is te finen op www.connexxion.nl of www.9292ov.nl