Oanbieding Aksjeboek foar bern 2010 yn Stiens

08-09-2010 16:16

Tomke wie yn sliep fallen yn de plysje-auto.

It earste eksimplaar fan it Aksjeboek foar bern 2010, it Tomke ferkearsboek, wie foar boargemaster E.J. ter Keurs fan de gemeente Ljouwerteradiel. Hy krige it boek, dat útjûn is troch de Afûk, op 7 septimber oanbean yn pjutteboartersplak De Oesterkes yn Stiens. Sa’n fjirtich bern ha him holpen om it moai ferpakte boek út te pakken.

It twadde eksimplaar wie foar de hear J. Holwerda. Hy nimt meikoarten ôfskie as tiimsjef fan de plysje yn de regio Middelsee. Holwerda hie syn plysje-auto foar it pjutteboartersplak parkeard. Nijsgjirrich as Tomke is, wie er dêr fansels ynstapt en doe yn sliep fallen. Lokkich kinne plysjes goed speure en mei help fan alle pjutten wie Tomke gau wer fûn.

Dat wie mar goed ek. Hy hie it ferhaal oer himsels fan skriuwster Auck Peanstra fan it Tomke ferkearsboek al mist. De oare skriuwster, Riemkje Pitstra, hie Kornelia en Romke meinaam. Sy makken harren ûngerêst oer Tomke. Tomke waard wekker makke en hy stapte út om mei de oare bern wer nei it feestlokaal te gean. Dêr ha se meielkoar noch harke nei it sjongen en spyljen fan Jurjen van der Meer, Hans Wempe en Doete Stenekes. De ferskes dy’t songen waarden, steane ek allegear yn it aksjeboek en op de bylevere cd. Se binne skreaun troch Jurjen van der Meer en Hans Wempe. It wie in gesellige en fleurige moarn by De Oesterkes.

It Aksjeboek foar bern slút oan by it tema fan de Berneboeketiid/Kinderboekenweek: Byldtaal yn berneboeken mei as motto De grutte tekententoanstelling. It is yn de moannen septimber oant desimber te krijen foar € 3,95 by € 9,00 oan boeken. Los en nei novimber kostet it € 12.95. De útjefte is in inisjatyf fan de Stichting It Fryske Berneboek.