Tomkemoarn Ljouwerteradiel grut súkses
Tiisdeitemoarn kamen Tomke en syn hûntsje Romke nei de bibleteek yn Stiens. De belangstelling wie grut. Sa’n 30 pjutten kamen mei har heit, mem of oppas nei de Tomkefoarstelling ‘Dit bisto en dat bin ik’ fan de stichting Sake Speelt.
Yn it ferhaal boartsje Tomke en Romke op ’e souder en fine dêr allegear nijsgjirrige saken: in grutte kiste, in spegel en in widze. It is in grappige Tomkefoarstelling dêr’t de bern troch ferskes en bewegings hieltyd aktyf by belutsen wurde.
Foar de âlders wie der ynformaasje oer it belang fan in rike taalomjouwing foar bern. Nei in programma fan in oere krigen alle bern in presintsje mei nei hûs. It wie tige slagge!
De Afûk hat yn it ramt fan de kampanje ‘Talen kleuren je leven’ dizze Tomkemoarnen organisearre. Dat barde yn gearwurking mei de gemeente Ljouwerteradiel en de bibleteek. De kampanje hat as doel om âlders bewust te meitsjen fan de foardielen fan in meartalige opfieding.
www.tomke.nl
