Twa fakatueres Amtners Boargerlike Stân
It Kolleezje fan de gemeente Ljouwerteradiel siket twa Bûtengewoan Amtners fan de Boargerlike Stân M/F.
Funksje-ynhâld:
As Bûtengewoan Amtner fan de Boargerlike Stân (BABS) hâlde jo jo, mei oare kollega BABS-en, benammen dwaande mei it sluten fan houliken en it registrearjen fan partnerskippen.
Op jierbasis wurde sa’n 25 houliken/partnerskippen besegele.
Jo profyl:
- Goede kontaktuele eigenskippen
- Josels goed mûnling uterje kinne
- Dúdlik oantoanbere affiniteit mei it wurkjen mei groepen minsken
- Represintatyf en fleksibel
- Ree om ek op sneons te wurkjen
- It yn ‘e macht hawwen fan de Fryske taal is in pree
Ús oanbod:
De beleanning bedraacht op dit stuit € 61,76 foar in houlikssluting of registrearre partnerskip.
Neiere ynformaasje oangeande de fakatuere kinne jo krije by de hear W.J. Loef, koördinator kluster Boargers, telefoannûmer 058-2576671.
As jo belangstelling ha foar dizze fakatuere, dan kinne jo jo sollisitaasje foar 3 oktober oansteande stjoere nei de gemeente Ljouwerteradiel, ôfdieling Personielssaken, postbus 24, 9050 AA Stiens. Neam dêrby dan “fakatuere BABS” op it kefert.
